CDA startdei giet oer

17 sep 2010 - 14:20

De CDA-startdei foar de steateferkiezings, dy't sneon op It Hearrenfean hâlden wurde soe, giet net troch. Dat is besletten omdat der te min oanmeldings wienen.

Neffens in wurdfierder hat it ôfsizzen neat mei de - ek by it CDA - omstriden stipe fan de PVV oan it nije CDA/VVD-kabinet te krijen. Sa'n 35 minsken hienen har opjûn foar de CDA-startdei. De organisaasje hie rekkene op 80. Op de dei stienen taspraken plend fan foarsitter Tamminga en Bearn Bilker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)