CDA: stappen tsjin fjoerwurk

28 mrt 2008 - 11:06
  • stappen tsjin swier fjoerwurk

De CDA-riedsfraksje yn Achtkarspelen wol maatregels nimme om foar te kommen dat der swier fjoerwurk brûkt wurdt by de jierwiksel. De fiering fan âld en nij hat de gemeente dit jier mar leafst 75.000 euro koste yn ferbân mei fernielings. Dêrby soarge it swiere fjoerwurk foar in protte skea.

Boargemaster Van der Zwan liet it CDA tongersdei yn de riedsgearkomste witte noch te wachtsjen mei de diskusje. Yn april komt der in notysje oer de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)