CDA: sjoch nei lege gebouwen

01 des 2012 - 14:11
  • CDA

It CDA yn de gemeente Ljouwert wol dat de gemeente wurk makket fan de leechstânferoardering. Mei sa'n feroardering soe de gemeente mear dwaan kinne oan it grut tal leechsteande bedriuws- en winkelgebouwen yn de stêd. Sa kinne de eigeners oansprutsen wurde op har feranwurdlikheid en kin in meldplicht ynsteld wurde. It CDA fynt net dat de gemeente leechsteande gebouwen keapje moat, mar de gemeente hat wol de taak om mei te sykjen nei oplossings. Dêrby tinkt it CDA oan it tydlik ynsetten fan lege gebouwen foar kulturele doelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)