CDA sil prate oer takomst

12 nov 2010 - 12:42

It Fryske CDA komt yn desimber mei fjouwer regiogearkomsten om te bepraten wêr't de partij yn de takomst foar stean moat. Ek wurdt der dan noch praat oer de grutte mieningsferskillen oer it meidwaan oan in kabinet dat troch de PVV stipe wurdt.

Tongersdei lekte it rapport fan de kommisje Frissen út. Dy hat it ferlies fan it CDA by de Twadde Keamerferkiezings ûndersocht. Harry van der Molen fan it CDA yn Ljouwert fynt de konklúzjes wol ferrassend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)