CDA seit betrouwen yn kolleezje Smellingerlân op

12 feb 2015 - 11:04
  • CDA

It CDA yn de gemeente Smellingerlân seit it betrouwen yn it kolleezje fan b. en w. op. De partij fynt dat it kolleezje 'broddelwurk' leveret mei harren fisy op de detailhannel yn Drachten. It CDA fynt de hâlding fan it kolleezje net foarútstribjend en sûnder lef.

Ek nimt it kolleezje de gemeenteried net serieus, fynt it CDA. Ferline jier naam de ried it beslút it gebou oan de Zuiderbuurt te keapjen en te slopen om sa in bredere trochgong tusken it sintrum en it Raadhuisplein te meitsjen. It kolleezje kiest no lykwols foar in oar plan.

It kolleezje wol de steechjes tusken it sintrum en it Raadhuisplein mei ljocht en lûdseffekten opknappe. No docht lykwols bliken dat de steechjes hielendal net fan de gemeente binne, sa seit it CDA. De partij wol dêrom dat it plan út 2014 noch dochs noch útfierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)