CDA: Reserve provinsje te grut

17 okt 2014 - 15:29
  • De titel fan it CDA-programma is 'Wenje, wurkje, wille'

It CDA fynt dat de provinsje Fryslân de kommende jierren mear dwaan moat om de Fryske ekonomy te stimulearjen. Dat stiet yn it konsept-ferkiezingsprogramma dat de kristendemokraten freed presintearren yn De Pleats yn Burgum. It CDA pleitet foar in eigen Frysk ynvestearringsfûns IMF, dêr't it Fryske bedriuwslibben in berop op dwaan kin foar krediten.

Ek wol it CDA de lêsten foar de Fryske boargers ferleegje troch de opsinten op de motorreaubelesting stevich te ferleegjen. De reserve fan de provinsje is dêr grut genôch fan, fynt it CDA.

It CDA pleitet ek foar in oare portefúljeferdieling yn it kolleezje fan Deputearre Steaten. CDA-listlûker Sander de Rouwe fynt it gjin goeie saak dat de portefúljes kultuer en finânsjes yn hannen binne fan ien en deselde bestjoerder. Op dit stuit is Jannewietske de Vries fan de PdvA noch deputearre fan kultuer én ek fan finânsjes. Troch dy portefúljes te skieden kinne je foarkomme dat der tefolle jild nei de Kulturele Haadstêd giet en der better foar soargje dat it evenemint net allinnich mar jild kostet, mar ek opleveret. It CDA fynt dat Kulturele Haadstêd mear as oant no ta 'in folksfeest' wurde moat.

Yn it CDA-partijprogramme steane noch folle mear ideeën foar de kommende jierren: de partij pleitet foar in navidukt - dat is in akwadukt ûnder in slûs - yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Ek stiet yn it ferkiezingsprogramma in foarstel foar smaak- en itensiedersles mei Fryske streekprodukten op alle Fryske basisskoallen. Dat lêste foarstel is de skriuwers fan it partijprogramma ynflústere troch de Jouster kok Reitse Spanninga.

It CDA-programma is noch net definityf. De ôfdielings en de leden meie reagearje en amandeminten ynstjinje. Ein novimber wurdt it programma definityf fêststeld op in provinsjale ledegearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)