CDA: 'pleit fúzje foarbarich'

19 okt 2001 - 00:00

It Fryske CDA is net bliid mei de útspraken fan de Drintse deputearre Weggemans. Dy fynt dat it Noarden yn 2007 ien provinsje wêze moat.

Neffens it CDA fersteure de opmerkings de hjoeddeistige gearwurking. De kristen-demokraten fine it ek nuver dat se net ynformeard binne oer it ynstellen fan de kommisje Geelhoed. Dy ûndersiket it plan fan Weggemans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)