CDA op strún nei miljoenen

08 feb 2006 - 17:22

De steatefraksje fan it CDA sil útsykje oft der mear jild beskikber is foar Fryslân, op grûn fan it ferdrach dat Fryslân erkent as iennichste nasjonale minderheid yn Nederlân. Neffens it CDA soe Fryslân dêrtroch rjocht hawwe op 25 miljoen euro.

Dat jild soe net allinne brûkt wurde moatte foar Omrop Fryslân, sa't Deputearre Steaten wolle. Der soe ek jild komme moatte foar ûnderwiis yn de Fryske taal, skiednis en kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)