CDA net bliid mei ferbod Gea

28 des 2009 - 15:08

De CDA-steatefraksje yn Fryslân is net bliid mei it aaisykferbod dat it Fryske Gea ynsteld hat. In wurdfierder fan 'e partij skriuwt yn in ferklearring dat se it ferbod net stypje en dat se it beslút fan it Gea betreure. Aaisykje is ûnderdiel fan de Fryske kultuerhistoarje, fynt it CDA.

De wichtichste reden foar it Fryske Gea om it ferbod yn te stellen is it weromrinnen fan de fûgelstân. Mar neffens de partij hat dat noch folle mear oarsaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)