CDA Ljouwert wol jûnsklok

24 okt 2005 - 20:29

It CDA Ljouwert wol in jûnsklok foar jongerein. De partij gie foar de gemeenteriedsferkiezings fan 2006 alle Ljouwerter wiken by del. Dêrút die bliken dat oerlêst fan groepen jongerein op strjitte foar de measte argewaasje soarget.

De jûnsklok soe jilde moatte foar probleemjongerein dy't nei alve oere op strjitte omhinget en lûdsoerlêst feroarsaket. Neffens it CDA is dy groep net oan te pakken troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)