CDA-kongres yn Utrecht

27 nov 2010 - 12:32
  • 1 oktober wie it kongres yn Arnhem

It CDA is sneon foar de twadde kear binnen in pear moanne byelkoar foar in kongres. Neffens foarsitter Tamminga fan CDA Fryslân wurdt dat net sa spannend as yn oktober, mar der wurdt bygelyks yn Utrecht wol praat oer it rapport fan de kommisje Frissen, dy't de ferkiezingen evaluearre hat.

It sil ek gean oer it ynterview fan CDA-minister Hillen sneon yn de Volkskrant. Dêryn seit er dat it CDA werom moat nei de woartels, nammentlik it CDA as in konservative partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)