CDA-kampanjedoeken yn Stiens fernield

04 mrt 2015 - 16:55

Yn Stiens binne trije fan de fiif kampanjedoeken fan it CDA foar de Steateferkiezings fan 18 maart fernield. Dat meldt kampanjelieder Rolf de Boer fan it CDA yn Ljouwerteradiel. Neffens him giet it om doeken fan sa'n 150 euro it stik. Se wiene sneon krekt pleatst, yn it ramt fan de CDA-kampanje.

It giet neffens de Boer om gerjochte aksje tsjin syn partij, want om der by te kommen moasten de fandalen dwers troch in stik bou nei in greide rinne. It is neffens de Boer ûndúdlik wa't de doeken fernield hat. It CDA sil nije doeken ophingje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)