CDA-jongerein kritysk oer CDA

19 okt 2010 - 12:34

It CDJA yn Fryslân is it iens mei de measte krityk fan de jongerenpartij yn it rapport oer de memmepartij. Dêryn wurde de Twadde Keamerferkiezings evaluearre. Dy pakten foar it CDA tige min út, want de partij ferlear de helte fan it tal sitten.

Yn it rapport skriuwt it CDJA ûnder oare dat it CDA te folle op himsels rjochte is. De ôfdieling Fryslân prate ek mei en joech ûnder oare oan dat Balkenende noait op 'e nij nei foaren skood wurde moatten hie as listlûker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)