CDA hat fragen oer Psy-Fi-festival

07 sep 2015 - 15:49

It CDA yn Ljouwert freget oft der takom jier wer in Psy-Fi-festival op deselde lokaasje komme moat. De fraksje stelt skriftlike fragen nei oanlieding fan wat it neamt 'in stream oan klachten oer oerlêst'. It CDA wol witte hoefolle klachten oft der west hawwe, en wat de wearde fan Psy-Fi foar Ljouwert en de buorgemeenten is.

Fierder freget de fraksje fan it CDA him ôf oft de gemeente Ljouwert mei syn feroarderings wol klear is op in noch gruttere besikersstream yn 2018.

It Psy-Fi-festival waard dit jier hâlden yn it rekreaasjegebied Griene Stjer by Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)