CDA hat eigen kafee yn Dokkum

11 jan 2014 - 11:40
  • CDA

It CDA iepenet sneontemiddei in kafee yn Dokkum. It giet om in tydlike festiging mei it each op de kommende gemeenteriedsferkiezings. It kafee komt yn ien fan de leechsteande winkels yn it sintrum. De partij hopet sa in bydrage oan de geselligens yn Dokkum te leverjen en mear minsken nei de stêd te lûken.

Yn it kafee binne gemeentlike CDA-ers oanwêzich om te praten oer de takomst fan de gemeente Dongeradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)