CDA hâldt twa deputearren

14 apr 2011 - 10:08

It CDA hâldt yn it nije kolleezje fan deputearre steaten twa deputearren, mar moat ynfloed ynleverje. Dat befestigje ferskate boarnen oan Omrop Fryslân.

CDA'er Sjoerd Galema rekket finânsjen kwyt oan 'e PvdA. Hy krijt no ferkear en ferfier, miljeu en Europeeske Saken. Finânsjen wurdt oernaam troch Jannewietske de Vries. Sy hâldt ek har kultuerportefúlje. PvdA'er Hans Konst leveret plattelânsbeleid yn oan FNP'er Johannes Kramer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)