CDA grutste partij op Skiermûntseach

18 mrt 2015 - 21:35
  • Gemeente Skiermûntseach

Skiermûntseach kaam woansdei as earste mei in útslach fan de ferkiezings foar Provinsjale Steaten. It CDA krige de measte stimmen; om krekt te wêzen 74, op de foet folge troch de PvdA mei 72 stimmen. Foar de CDA betsjutte dat winst: fan 17 nei 17,6%, de PvdA gie achterút fan 21 nei 17,1%.

De VVD is de tredde partij op Skiermûntseach mei 65 stimmen (4,5% achterút), de SP de fjirde mei 49 stimmen en D66 en FNP beide de fyfde mei 34 stimmen. De PVV krige 27 stimmen op it eilân en gie dêrmei 1,6% achterút yn fergeliking mei 2011.

De oare útslaggen op Skiermûntseach: ChristenUnie 21 stimmen (5%), GrienLinks 21 stimmen (5%), Partij voor de Dieren 15 stimmen (3,6%) en 50Plus 8 stimmen (1,9%). Feriene Lofts, Friese Koers en de Libertarische Partij krigen net ien stim op Skiermûntseach. De waarden op Skiermûntseach mei-inoar 420 stimmen útbrocht, de opkomst wie 57%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)