CDA: gemeenten moatte mear flechtlingen oan in hûs helpe

14 aug 2015 - 08:12
  • It azc yn Burgum

Gemeenten moatte better har bêst dwaan om flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning oan in hûs te helpen. En de provinsje moat dêr by de gemeenten op oantrune. Dat fynt it CDA yn provinsjale steaten. Gemeenten ha de plicht om flechtlingen dy't in ferbliuwsfergunning krigen ha, oan wenromte te helpen. Mar yn de earste helte fan dit jier is dat lanlik sjoen mar slagge foar minder as de helte fan de minsken.

Fryslân docht it net min, mar it moat toch wol better, fynt it CDA. De partij makket him soargen, omdat it tal minsken dat asyl oanfreget, groeit. As der dan gjin trochstreaming is fanút AZC's nei gewoane wenhuzen, wurde de AZC's te fol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)