CDA Fryslân sjocht nei takomst

06 des 2010 - 20:21
  • De CDA'ers byelkoar yn Burgum

Yn Burgum wie moandeitejûn de earste ynformaasjebyienkomst fan it CDA oer de takomstige koers fan de partij. Goed 60 leden hiene harren foar de jûn oanmelden. Se wiene kritysk oer de fierde kampanje foar de Twadde Keamer en wolle dat it CDA wer in herkenbere middenpartij wurdt.

It CDA moat syn sosjale gesicht wer mear sjen litte en der moat mear omtinken wêze foar de C fan it Christen Democratisch Appèl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)