CDA Fryslân: Lange termyn fyzje nedich foar flechtlingen

14 nov 2015 - 15:40
  • CDA

Der moat in lange termyn fyzje komme foar de opfang fan flechtlingen. Dat fine de leden fan it CDA yn Fryslân. "Flechtlingen moatte opfongen wurde. Minsken yn need moatte opfongen wurde. Wy misse lykwols in lange termyn fyzje foar de takomst", seit Friso Douwstra, fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeente Ljouwert.

Freedtejûn waard in gearkomste hâlden foar CDA-leden. Sintraal by dizze gearkomste stie de fraach hoe't leden fan it CDA yn Fryslân tinke oer de flechtlingeproblematyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)