CDA Fryslân ferset tsjin fraksje

11 feb 2004 - 00:00

It CDA Fryslân komt yn ferset tsjin de eigen fraksje yn de Twadde Keamer. De Fryske leden komme sneon op it partijkongres mei in resolúsje. Dêryn roppe se op mear te tinken oan it lot fan útprosedearre asylsikers.

CDA Fryslân wol dat asylsikers automatysk in ferbliuwsstatus krije as se net binnen de dêrfoar stelde termyn fan fjouwer moannen útset wurde. Ek wol it CDA dat der wer sjoen wurdt nei skrinende gefallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)