CDA-Fryslân stipet nije koers

21 jan 2012 - 11:50

It Fryske CDA kin him op grutte linen fine yn de nije koers fan de partij. Foarsitter Douwe Tamminga sjocht in soad goede oanknopingspunten yn it dokumint dat freed troch it saneamd strategysk beried fan de partij presintearre waard. It dokumint dat dy groep makke hat moat it CDA in nij gesicht jaan.

De partij wol him de kommende tiid rjochtsje op it radikale midden en net mear sjen nei de dogma's fan links en rjochts. Op it CDA-kongres sneon wurdt praat oer de nije fyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)