CDA-Fryslân bliid mei CDA-list

12 jun 2012 - 11:00
  • Sander de Rouwe
  • Sybrand van Haersma Buma, CDA

Foarsitter Douwe Tamminga fan CDA Fryslân is bliid mei de posysjes fan de Fryske kandidaten op de CDA-list foar de kommende Tweede Keamerferkiezings. Sander de Rouwe stiet tredde op de list, Harry van der Molen 21e. Boppedat is listlûker Sybrand van Haersma Buma hikke en tein yn Fryslân.

Joop Atsma fan Surhústerfean stiet net o de list, mar is wol beskikber foar in mooglike post yn it nije kabinet. Atsma sil ek folop meidwaan yn de kampanje fan it CDA en is wiis mei de fernijing op de CDA-kandidatelist.

Der steane mar 9 sittende keamerleden op de list en net ien út it kabinet. Dat is in bewuste kar, sa seit Atsma. Atsma siet sûnt 1998 yn de Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)