CDA-frou mei foarkar yn ried

07 mrt 2002 - 00:00

De iennichste frou op 'e CDA-list fan Dongeradiel, Tettie Stiemsma- Walda, is mei foarkarstimmen yn 'e ried keazen. Se stie op nûmer 14 en hat altyd sein dat se net yn 'e ried woe.

No't Tettie Stiemsma fan safolle stimmers it fertrouwen krigen hat, wit se net oft se by har foarnimmen bliuwt. Se hat tiid frege en krigen om har op har politike takomst te berieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)