CDA freget nei flaters Trije

01 apr 2011 - 14:08

It CDA yn Frjentsjerteradiel wol witte wêrom't wethâlder Twerda noch altyd gjin útlis jûn hat oan de ried oer de flaters dy't makke binne by sporthal De Trije yn Frjentsjer. Yn in reportaazje fan Omrop Fryslân die bliken dat der hiel wat mankearret oan de nije sporthal. De hal is ûnlogysk ynrjochte en dêrtroch wurde der ekstra skjinmakkosten makke.

Yn in brief oan b. en w. freget it CDA fierder wêrom't net nei de brûkers en behearders harke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)