CDA-fragen oer takomst Omrop

24 mrt 2014 - 11:57
  • CDA

It CDA Fryslân hat fragen steld oan deputearre steaten oer it fuortbestean fan Omrop Fryslân. Steatssekretaris Dekker wol de trettjin regionale omroppen, dus ek de omrop, opheffe omdat se te djoer binne. It CDA ferwachtet dat, as der gjin Omrop Fryslân mear is, dat grutte gefolgen hawwe sil foar de posysje fan it Frysk.

De partij wol witte hoe fier oft de plannen fan de steatssekretaris binne, hoefolle romte der bliuwt foar in eigen programmearring fan Omrop Fryslân en wat de ynfoed fan deputearre steaten wêze kin op dat mêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)