CDA-fragen Frysk en ekonomy

21 mrt 2013 - 21:06
  • CDA

De steatefraksje fan it CDA hat skriftlike fragen steld oer de tasizzings dy't dien binne foar in ûndersyk nei hoe't de Fryske taal en ekonomy elkoar fersterkje kinne. Ek soe der foar 1 april in wurkkonferinsje mei it bedriuwslibben oer hâlden wurde. Ien en oar is fêstlein yn in moasje dy't yn septimber ferline jier yn de steaten oannommen is en troch it kolleezje fan deputearre steaten oernommen is.

It CDA wol witte wat de stân fan saken is en wannear't de konferinsje hâlden wurde sil.

No't de ekonomy yn swier waar sit, is it neffens it CDA krekt fan belang om de gong der mei dit soart saken yn te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)