CDA, FNP en CU yn A'karspelen

30 mrt 2010 - 11:26
  • Marten vd Veen kandidaat-wethâlder FNP

CDA, FNP en ChristenUnie yn Achtkarspelen wolle mei elkoar in kolleezje foarmje. Ofrûne freed binne de partijen oan de earste petearen begûn, sa hat de gemeente tiisdei bekend makke.

Oan de hân fan ferslaggen fan eardere petearen tusken CDA en FNP hat de ChristenUnie konstatearre dat der in basis is om fierder te kinnen. De kommende wiken sille de trije partijen mei elkoar om 'e tafel om ta in koalysje-akkoart te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)