CDA ferliest, PvdA de grutste

03 mrt 2011 - 02:46

It CDA is de grutte ferliezer wurden fan 'e ferkiezings foar provinsjale steaten yn Fryslân. De partij fan listlûker Sjoerd Galema ferlear yn alle Fryske gemeenten. It ferlies wie yn Skarsterlân, Lemsterlân en Súdwest Fryslân mear as 10%. Listlûker Galema seit 'slim skrokken' te wêzen fan it ferlies.

De PvdA ferlear ek, mar folle minder as it CDA. De PvdA is no mei 23,7% fan de stimmen dúdlik de grutste partij fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)