CDA: ferkiezings net te gau

24 apr 2012 - 10:01
  • Sander de Rouwe

Fryske CDA'ers wolle dat earst de finânsjes op oarder binne foardat der ferkiezings hâlden wurde. Dat waard moandeitejûn helder op de ledegearkomste yn Ljouwert. CDA-steatssiktaris Joop Atsma en keamerlid Sander de Rouwe joegen tekst en útlis oer wat der de ôfrûne wiken bard is. Wat De Rouwe oanbelanget is de oankundige besuniging op ûntwikkelingsgearwurking fan de baan. Hy wol al fierder mei it herfoarmjen fan de wenningmerk en it ferheegjen fan de AOW-leeftiid.

Atsma tinkt dat ek de BTW de kommende tiid omheech gean sil.

Tiisdei wurdt yn de Twadde Keamer praat oer mooglike besunigingsmaatregels. Ek moat dúdlik wurde wannear't de Twadde Keamerferkiezings krekt plakfine sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)