CDA en PvdA wolle net mei PVV

01 mrt 2011 - 09:45
  • CDA en PvdA wolle nei de provinsjale ferkiezings net mei de PVV yn deputearre steaten

It CDA en de PvdA wolle nei de steateferkiezings net mei de PVV yn in nij kolleezje fan deputearre steaten. Oanlieding dêrfan binne útspraken dy't PVV-kandidaat-steatelid Van der Galiën moandeitejûn die op in debat op It Hearrenfean. Hy sei dêr fêst te hâlden oan de winsk holledoekjes te ferbieden. Fieders bliuwt de PVV tsjin de bou fan nije moskeeën yn Fryslân.

It CDA en de PvdA fine dat soks genôch reden is om net mei de PVV yn in nij kolleezje te wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)