CDA en PvdA wolle brûkersboat

24 jan 2006 - 09:37

It CDA en de PvdA yn de ried fan Ljouwert wolle in aparte brûkersromte yn de stêd. Se wolle gjin kombinaasje mei de dei-opfang foar ferslaafden. De fraksjes fine in boat de bêste opsje.

De boat soe lizze moatte oan de Nieuweweg by Gymnasion, of achter finzenis de Blokhuispoort. De PvdA en it CDA freegje B en W om te ûndersykjen oft dy lokaasjes mooglik binne. Der soe earst in eksperimint fan in jier komme moatte en goed oerlis mei de buert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)