CDA: drankmisbrûk oanpakke

19 feb 2007 - 11:44

It CDA yn Ljouwert wol dat de gemeente maatregels nimt tsjin drankmisbrûk op skoalfeesten yn de stêd. Yn in diskoteek dêr't geregeld skoalfeesten binne, soe it nammentlik faak misgean.

Offisjeel mei oan bern oant 16 jier gjin alkohol ferkocht wurde, mar omdat der ek bern komme dy't wol âlder binne as 16, bart dat dochs. De âldere bern helje dan drank foar de jongeren. Neffens it CDA komme jonge bern faak dronken fan de feesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)