CDA dochs grutste partij

08 mrt 2007 - 00:27
  • Sjoerd Galema: Wy gean foar in lykwichtich kolleezje mei PvdA en CDA

It CDA is de grutste partij yn de Fryske Steaten mei 25,7 prosint fan de stimmen. Twadde is de PvdA mei 25,6. It wie lange tiid in spannende nek-oan-nek-race. Ek spannend wie it tusken de VVD (10,8 prosint) en de FNP (10,7). De SP is de fyfde partij yn de Steaten mei 9,6 prosint. ChristenUnie hat 8,2 en GrienLinks 3,9 prosint.

Gemeentebelangen en D66 ferdwine út de Steaten. De Partij foar de Dieren komt der net yn. De opkomst is 55,05%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)