CDA Boalsert wol omropper werom

03 mrt 2006 - 17:08

It CDA yn Boalsert wol de stedsomropper werom. Dy moat yn tsjinst komme fan it gemeentebestjoer en kin ynset wurde by ferskate merken en feestdagen. It CDA ropt it kolleezje op om in fakatuere iepen te stellen foar de funksje.

De partij hat alfêst in profyl opsteld. Sa moat de stedsomropper betrouber wêze, mar sa no en dan ek ûndogensk. Mei de stedsomropper wol it CDA Boalsert in ympuls jaan oan de skiednis en it toerisme fan de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)