CDA Boalsert: jongere út kroech

08 mrt 2005 - 15:28

It CDA yn Boalsert wol jongeren ûnder de 16 warre út kroegen. Nei tsien oere jûns moatte se út in kroech set wurde, sa fynt de partij. It CDA hat dizze maatregel betocht nei it oppakken fan 30 jongeren foar de hannel yn drugs. Ut ûndersyk docht bliken dat sa'n 100 jongeren yn Boalsert harddrugs brûke.

De drugs wurde ûnder oare ferhannele yn kroegen en dat moat oanpakt wurde, sa fynt it CDA. De partij docht it foarstel tiisdei yn in gearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)