CDA begrypt Brinkhorst net

16 mrt 2001 - 00:00

It CDA fynt it ûnbegryplik dat minister Brinkhorst de ynfier fan fleis út Argentinië ferbiedt en tagelikertiid fleis út Frankryk wol talit ta Nederlân. "Wy rinne grutte risiko's mei Frânsk fleis, dy't net út te lizzen binne", seit Twadde Keamerlid Atsma út Surhústerfean.

Brinkhorst fynt it noch te betiid foar in ymportferbod foar Frânsk fleis. Dêr hat er net genôch arguminten foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)