CDA A'karspelen lulk op Else4

02 jul 2009 - 10:54

De CDA-fraksje yn de ried fan Achtkarspelen is lulk op wykblêd Elsevier. Dat publisearre op 20 juny in beoardieling fan alle gemeenten yn Nederlân. Achtkarspelen kaam op it 433ste plak, de fiifde fan ûnderen.

It CDA herkent him hjir net yn. De partij fynt it ûnbegryplik dat ûnder oare natuer matich skoart. Neffens it CDA is dat in grutte blunder fan Elsevier. It CDA fynt dat de gemeente de gearstallers fan it oersjoch op de ferkearde ynformaasje wize moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)