CD-saak Van den Akker ticht

09 apr 2010 - 13:54
  • 't is mooi weest, fine se by Van den Akker
  • CD-spesjaalsaak Van den Akker slút meikoarten definityf

De CD-ferkeap is op in djiptepunt rekke. Hieltyd mear CD-winkels moatte slute omdat minsken harren muzyk op ynternet keapje of delhelje. Yn Ljouwert slút CD-spesjaalsaak Van den Akker nei 40 jier de doarren.

Mear as 40 jier hat grammofoanplate-saak Van den Akker gesichtsbepalend west foar de muzykhannel yn Ljouwert. Mar eigner Sied van der Veer kin de konkurrinsje net langer oan. Omdat Van den Akker gjinien fine koe om de saak oer te nimmen giet de winkel ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)