CD-rom foar ferieningswurk

02 nov 2007 - 20:34

Ferienings dy't frijwilligers sykje kinne tenei de help fan in CD-rom ynroppe. Op de CD-rom 'Toolkit Vrijwilligerswerk' stiet ynformaasje oer hoe't je it bêste frijwilligers winne kinne. Ek oare ûnderdielen fan it draaiende hâlden fan in feriening komme oan bod, sa as it funksjonearen fan it bestjoer en de finânsjes.

De CD-rom is makke troch in tal organisaasjes dat dwaande is mei de leefberens op it plattelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)