CD-presintaasje Mink yn Paradiso

28 okt 2006 - 15:03

De Fryske rockband Mink sil op novimber harren debút-cd presintearje yn de Amsterdamske poptimpel Paradiso. It skyfke hat de titel 1:AM meikrigen. De band Mink is foarme om sjongeres Minke Adema fan It Hearrenfean hinne.

De nûmers op de cd rinne útien fan stevige rocknûmers oant ballads. De produksje wie yn hannen fan Jan Koster. It materiaal is opnommen yn de Bullet Sound Studios yn it westen fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)