CD Griet Wiersma is sukses

02 des 2003 - 00:00

De nije CD fan sjongeres Griet Wiersma ferkeapet goed. De plaat kaam heal novimber út. Oant no ta binne der al 3000 eksimplaren fan Frijheid ferkocht. Alle dagen komme der nije bestellingen binnen by platemaatskippij Marista.

Yn de ferkeaplist fan muzykwinkel The Music Store stiet Wiersma har CD op it 44ste plak. De sjongeres út Wâlterwâld is optein oer it sukses fan har nije skyfke. Se is al mei in nije cd dwaande, mei âlde Fryske ferskes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)