CBS: Nederlân út de resesje

14 nov 2013 - 10:22
  • Peter Hein van Mulligen haadekonoom CBS

Nederlân is offisjeel út de resesje. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). De Nederlânske ekonomy is yn de moannen july, augustus en septimber mei ien tsiende persint groeid yn fergelyk mei de trije moannen dêrfoar.

De groei is hiel lyts, mar nei trije kwartalen fan krimp is dit de earste kear dat it wer by de wâl op giet. De eksport lûkt oan en de ynvestearrings fan it bedriuwslibben sakje minder as wol west hat. Wol nimt de wurkleasheid ta en sakje de konsumintebestegings noch altyd.

Yn fergelyk mei it tredde kwartaal fan ferline jier is der noch hieltyd sprake fan krimp mei 0,6 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)