CBS: it giet min mei de greidefûgels

05 aug 2015 - 11:59
  • Skries

Neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek giet it min mei de greidefûgels. Sûnt de jierren '90 geane de populaasjes fan skries, strânljip en ljurk stadichoan achterút. Neffens it CBS komt dat benammen troch de skaalfergrutting yn de lânbou.

Boeren meane hieltyd faker en dêrby wurde in soad nêsten fernield en ha fûgels minder dekking. Dêrneist is 150.000 bunder gerslân ferlern gien troch útwreiding fan stêden en ha de greidefûgels te lijen fan rôfdieren as de foks.

De Fûgelbeskerming ropt de oerheid en de boeren op om maatregels te nimmen. Der soe mear greidelân mei blommen en krûden komme moatte en boeren soene letter meane moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)