CBO Fryslân komt yn aksje tsjin nije Wwz

11 des 2015 - 08:50

It bûn foar Kristlik Underwiis Fryslân docht in driuwende oprop oan de Minister fan Underwiis. Se wolle graach dat opliedingen en konferinsjes dy't leararen besykje moatte, búten de reguliere skoaloeren organisearre wurde. Dit om't yn de nije wet Werk en zekerheid stiet dat ynfallers op basisskoallen binne twa jier in fêst kontrakt krije moatte at se seis tiidlike kontrakten hân hawwe.

Op it stuit meie basisskoallen ynfallers trije jier lang tydlike kontrakten jaan. De nije wet giet takom skoaljier yn en soarget derfoar dat basisskoallen oer folle minder ynfallers beskikke kinne, fynt it CBO. De need sil foaral heech wêze yn mominten fan sykte. En romte om alle tydlike krêften in fêst kontrakt te jaan, is der net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)