CBO driget mei aksjewike

24 okt 2014 - 10:42
  • Underwiis

It CBO, de organisaasje foar kristlik basisûnderwiis, driget mei in aksjewike as de nije wet 'Werk en Zekerheid' net oanpast wurdt. Dizze wet ferplichtet wurkjouwers om minsken nei trije tydlike kontrakten yn fêste tsjinst te nimmen. Mar basisskoallen wurkje in soad mei ynfallers om sykte en ferlof op te fangen. Der is gjin finansjele romte om dizze minsken yn tsjinst te nimmen.

Wannear't de wet net feroaret, folget yn novimber in aksjewike. Skoallen wurkje dan strikt neffens de nije wet om sjen te litten wat de gefolgen yn de praktyk binne.

It CBO hie hope op in útsûndering yn de wet foar basisskoallen, mar dat woe de Twadde Keamer net. De organisaasje ropt âlden dêrom op om massaal brieven nei Den Haach te stjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)