Cazemier wol oerlis Fûgellân

15 jan 2007 - 17:11
  • De trekker raamde de pui in tal kear
  • De sitewaasje yn it Fûgelân moat feroarje, neffens Cazemier

Boargemaster Cazemier fan Dongeradiel fynt it tryst dat in jonge út ferfeling mei in trekker de pui fan in supermerk ramd hat. Dat barde sneon, yn de wyk Fûgellân.

In 17-jierrige jonge ried mei de trekker fan syn âlden tsjin de muorre fan supermerk Poiesz, oan de Houtduif. It Fûgellân is al langer yn byld by de gemeente, as it giet om oerlêst fan jongeren. Cazemier sil oerlizze mei plysje, de wykried en de jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)