Catrinus van der Veen nominearre foar Zilveren Camera

20 jan 2016 - 14:42
  • Fototastel

Fotograaf Catrinus van der Veen fan Hjerbeam is op 'e nij nominearre foar de Zilveren Camera, de wichtichste Nederlânske priis foar fotosjoernalisten. Van der Veen makket kâns op de titel mei in fotosearje oer de flechtlingeopfang yn it WTC yn Ljouwert. Hy makke de foto's foar de Ljouwerter Krante.

Ferline jier wie Van der Veen yn twa kategoryen nominearre, foar foto's fan minister Henk Kamp en fan reedriders op natueriis, en wûn er twa kear sulver. Yn 2013 krige er ek in nominaasje, foar syn foto's fan de rellen yn Haren.

Sneontejûn wurde de prizen útrikt yn Hilversum. Sjoch hjir foar de foto's fan de nominearre fotografen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)