Catering foar flechtlingen goed op 'e rit

28 sep 2015 - 13:03
  • Iten foar de flechtelingen
  • Kateraar Beijk

Sûnt tongersdei sitte goed 200 flechtlingen yn de BlauwWit-sporthal op It Hearrenfean, en al dy twahûndert moatte fansels ite. In moarnsbrochje, middeisiten en in waarme hap yn de jûntiid krije de minsken op It Hearrenfean fan de gemeente. In grutte útdaging, en in grutte put, dy't op It Hearrenfean yn hannen is fan cateraar Beijk. Sy dogge gewoanwei ek de catering foar it Abe Lenstrastadion. Mei in pear lytse oanpassings is it wurk goed te dwaan, sa seit Ronald Fokkema fan it cateringbedriuw. Sa is in protte halal klearmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)