Cast De Keet presintearre

06 apr 2013 - 13:49
  • Haadrolspilers De Keet om 'e tafel

Lourens van den Akker sil de haadrol spylje yn de nije jongereinsearje De Keet. De akteurs waarden sneon yn Ljouwert presintearre. Fan de 400 akteurs by de audysjes binne seis oerbleaun. Yn it Tryatergebou hâlden sy sneon in iepenbiere skriptlêzing foar de parse.

De nije searje draait om Diede (19) dy't ferlamme is en net mear prate kin. Hy is de gongmakker yn in keet earne yn Fryslân. De searje is nei alle gedachten ein dit jier of begjin takom jier op televyzje te sjen. Mirjam de With docht de rezjy.

De oare rollen wurde spile troch Sjoukje Minkema dy't earder al te sjen wie yn de skoaltelevyzjesearje I.K., treddejiers teaterstudint Bart Harder dy't ek alris by Tryater spile hat, dûnseres Araliya Bosma, de Ljouwerter HRM-studinte Ingrid Leystra en de jongste spiler de 15-jierrige Jacob Meijer. Mirjam: "It is echt in moaie miks wurden tusken minsken mei in soad en mei mar in bytsje ûnderfining." Fierders bestiet de cast út akteurs fan Trayter: Arnold Dijkstra, Tamara Schoppert, Nynke Heeg, Aly Bruinsma en Eelco Venema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)